Fernieler oppakt op De Lemmer

De plysje hat snein in 41-jierrige man fan De Lemmer oanhâlden foar fernielerij. In 42-jierrige plakgenoat seach by thúskomst dat der in plasse bloed by syn foardoar lei. Der wie in rút stikken.
De bewenner hie wol in idee wa't de dieder wie en belle de plysje. Dy socht de fertochte op. It die bliken dat de man de foet yn it ferbân hie. De plysje hat him meinaam nei it buro. Dêr krige er proses-ferbaal.