Marrit Leenstra brûns op EK

Marrit Leenstra hat knap brûns pakt op it EK Allround yn it Italiaanske Collalbo. It is har earste medaille op in kampioenskip by de senioaren.
Op de ôfslutende 5000 meter einige Leenstra as sechde yn 7:28,06. Se koe wol har konkurrinte Diane Valkenburg yn it klassemint foar bliuwe. Valkenburg waard fjirde. Europeesk kampioene waard de Tsjechyske Martine Sábliková, nei 7:07,78 op de 5 km. Ireen Wüst, 7:18,70 op de 5 km, waard twadde yn de einstân.