Wachthokje trein oanstutsen
Twa jonges fan 15 jier binne sneontemiddei op it treinstasjon fan Camminghabuorren yn Ljouwert oanhâlden foar baldadigens. Ien hie sjoen dat se brân stifte hiene yn in wachthokje en hie de plysje belle. Dy koe de jonges oanhâlde. De jonges fertelden dat se in pear kranten ferbaand hiene en dat it net de bedoeling wie om it hokje yn 'e brân te stekken.
Beide jonges krigen proses-ferbaal en mochten dêrnei nei hûs ta.