Man leit foar doar op 'e Weaze

09 jan 2011 - 15:27

Op 'e Weaze yn Ljouwert is sneontenacht in 29-jierrige man út Burgum oppakt foar dronkenskip. De plysje krige in melding dat der in man foar de doar fan in hoarekagelegenheid lei dy't dêr net weigean woe. Hy hie tefolle alkohol dronken.

Doe't de plysje him ek frege om fuort te gean, drige de Burgumer yn it wetter fan 'e Weaze te springen. Dat wie foar de plysje reden om him oan te hâlden en mei te nimmen nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)