TVOH: Anne nei heale finale

Anne Hoogendoorn út Goaiïngea is troch nei de heale finale fan The Voice of Holland. Se moast it sneontejûn yn de sing-off opnimme tsjin Meike. De útslach fan de sing-off wie al útlekt. De sing-off waard freedtejûn opnaam yn in seal mei hast 1500 minsken. Der waard folop twittere oer de sjongwedstriid en de útslach.
Coach sjonger Jeroen van der Boom besliste úteinlik dat Anne troch mocht nei de heale finale.