Stroetinga brekt skouderbonke

09 jan 2011 - 13:39

Hurdfytser Wim Stroetinga út Aldeberkeap kin mooglik net nei de wrâldbekerwedstriden yn Peking fan dizze moanne. De 25-jierrige Fries bruts sneon syn skouderbonke op de seisdaachse fan Rotterdam. Hy foel hiel ûngelokkich. Dielname oan 'e wrâldbekerwedstriden yn Peking komt dêrmei yn gefaar. It is ûnwis oft er dan al wer better is. Nei de tredde dei fan 'e seisdaachse stie Stroetinga sechsde tegearre mei syn Dútske partner Lampater.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)