Marrit Leenstra wer op poadium

09 jan 2011 - 12:59

Marrit Leenstra hat opnij it poadium helle op it Europeesk kampioenskip reedriden yn Collalbo. Op de 1500 meter waard se tredde yn 2.00,95. De winst wie foar Ireen Wüst yn 1.59,61. Martine Sábliková siet mei 2.00,37 tusken de beide Nederlânske froulju yn.

Yn it klassemint nei trije ôfstannen stiet regearend kampioene Sábliková earste, Wüst is twadde en Marrit Leenstra tredde. Letter wurdt de ôfslutende 5000 meter riden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)