Undernimmers keapje mear grûn

Easterwâlde
Undernimmers hawwe in soad belangstelling foar bedriuweterreinen yn Haulerwyk en Easterwâlde. De gemeente Eaststellingwerf hat oan njoggen ûndernimmers mei-elkoar seis hektare grûn ferkocht yn Easterwâlde. Yn Haulerwyk is ien hektare ferkocht oan in ûndernimmer.
Fierders is de gemeente yn ûnderhanneling oer de ferkeap fan nochris alve hektare grûn. It giet benammen om bedriuwen út de omkriten fan Easterwâlde.