LDODK koprinner ôf

De kuorballers fan LDODK fan Terwispel en De Gordyk ha de topper tsjin OVVO ferlern. Yn Maarssen wûn de thúsploech mei 21-17. Yn de earste helte wiene beide ploegen oaninoar weage. By it skoft wie it 11-10 foar OVVO. Yn de twadde helte bleau it spannend oant 17-16. Dêrnei sloech OVVO, de degradant út de kuorballeague, ta en traktearre LDODK op it earste ferlies.
OVVO is no de nije lieder mei 11 punten út 6 wedstriden. LDODK hat ek 11 punten, mar ien kear faker spile.