Hearrenfean wint fan AFC

Sportklup Hearrenfean hat de earste oefenwedstriid yn Portugal mei 3-0 wûn fan sneinstopklasser AFC. Bas Dost sette de Feansters koppend op foarsprong út in hoekskop fan Filip Djuricic. Djuricic makke sels foar it skoft de 2-0. Yn de twadde helte makke hy ek de 3-0.
De wedstriid yn Portugal waard fanwege de rein spile op in yn 'e haast fûn fjild yn Monte Choro. Omdat it gau tsjuster waard duorre de wedstriid twa kear 40 minuten.