Stakings glêsfabryk lykje oer

De stakings by glêsfabryk AGC yn Easterwâlde binne sa goed as wis foarby. De direksje hat in akkoart berikt mei de fakbûnen.
De wurknimmers hawwe de ôfrûne wiken fiif kear it wurk dellein by AGC. Se binne it net iens mei it CAO-bod. Benammen om't der folle faker op fleksibele oeren wurke wurde moast. De fergoeding dêrfoar is neffens de wurknimmers te leech. Yn it nijste bod is de fergoeding heger. De leden moatte it bod noch noch wol goedkarre.