SC Hearrenfean yn de rein

© Omrop Fryslân
Sportklup Hearrenfean, op trainingkamp yn Portugal, spilet sneontemiddei tsjin topklasser AFC. De wedstriid tsjin de Amsterdammers soe spile wurde op it fjild fan FC Ferreiras, mar dat kin net trochgean. Yn de nacht fan freed op sneon wie it rein sûnder ein.
Alvetallieder Herman van Dijk hat de hiele sneontemoarn socht om in geskikte lokaasje. In fjild by in hotel yn Monte Choro liket no de measte kâns te meitsjen.