Marrit Leenstra twadde op 500

Marrit Leenstra is op de 500 meter op it Europeesk kampioenskip reedriden twadde wurden. Yn it Italiaanske Collalbo ried se 39.98. De winst wie foar de Tsjechyske Karolina Erbanová yn 39.29. De grutte favorite foar de titel, regearend kampioene Martina Sábliková, waard fiifde yn 40.31. Ireen Wüst waard sechsde yn 40.49.
Letter op de dei komme de froulju yn aksje op de 3000 meter. Op snein wurdt de 1500 en de 5000 meter riden.