Anne: noch kâns yn sing-off

Anne Hoogendoorn
It nije muzikale talint Anne Hoogendoorn út Goaiïngea moat har sneon opnij bewize yn de saneamde sing-off by de grutte talintejacht The Voice of Holland by RTL 4. Se helle freed net genôch stimmen om direkt troch te gean nei de folgjende ronde. Tolve kandidaten diene mei foar in plak yn de folgjende ronde. Fan harren giene fjouwer wol fuortendaliks troch.
Anne Hoogendoorn song freed in frij rêstich nûmer. Oars docht se faak steviger wurk.