Gefaarlike planke fuorthelle

08 jan 2011 - 12:27

De brânwacht fan Ljouwert is sneontemoarn ynskeakele om in planke by de nijbou fan it âlde Amicitiagebou oan de Wurdumerdyk op in feilich plak del te lizzen. De planke wie troch de hurde wyn ferskood en der soe gefaar driigje kinne.

De eardere Amicitiaflat op 'e kop fan 'e Wurdumerdyk wurdt op dit stuit ferboud. Der komme sechstjin lúkse apparteminten yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)