Hynstekeuring live op ynternet

08 jan 2011 - 10:05

Omrop Fryslân lit op sneon 8 jannewaris op dei-tv streekrjocht bylden fan de finale fan de hynstekeuring fan it Keninklik Frysk Hynstestamboek yn Ljouwert sjen.

De keuring is fan 9.00 oant 17.00 oere. De keuring is te sjen op Omroplive.nl en dei-tv yn kombinaasje mei it lûd fan de radio. Mei in twadde stream wurdt it byld oanbean yn kombinaasje mei it kommentaar yn it WTC Expo yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)