Noarden:1 miljard foar enerzjy

Max van den Berg
Noard-Nederlân wol ien miljard euro fan it ryk foar de ûntwikkeling fan griene enerzjy. Dat hat foarsitter Max van den Berg fan Energy Valley sein. Energy Valley is in gearwurking fan it bedriuwslibben, ûnderwiis en oerheden yn it Noarden om mear ekonomysk foardiel te heljen út de enerzjysektor.
Sa moat it Noarden as it giet om gas in folle wichtiger rol spylje as no. Mar der is ek jild nedich foar it meitsjen fan wynenerzjy op see.