Skiep deabiten by Ljouwert

07 jan 2011 - 14:53

In skiep yn de greide oan de Fjouwerhústerdyk yn Ljouwert is dizze wike nei alle gedachten deabiten troch in hûn. De eigener fan it skiep waard tiisdeitemiddei belle troch tsjûgen mei de meidieling dat ien fan syn skiep swier ferwûne yn de greide lei.

It bist waard yn de kop en yn it ear biten. De bistedokter hat it skiep in spuitsje jûn, omdat er it net rêde soe. De plysje siket minsken dy't tiisdei wat sjoen hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)