'Mear sizzenskip wynmûnepark'

De provinsje hie sels mear te sizzen hawwe moatten yn it beslút om in grut wynmûnepark yn de Noardeastpolder oan te lizzen. Dat seit deputearre Hans Konst. No leit it foech by it ryk, dat tongersdei oanjûn hat mei de plannen troch te gean. Der komme seis wynmûnen fan 95 meter heech foar de Fryske kust yn de gemeente Lemsterlân te lizzen.
De gemeente sels is net al te posityf. De mûnen wurde te heech en se steane te ticht by it fêste lân.