Tsjûgen freugdefjoer socht

De plysje is op syk nei minsken dy't mear fertelle kinne oer it yllegaal ferbrânen en fuortsmiten fan ôffal tusken de doarpen Peins en Rie. Op nijjiersdei wie op dat plak yn de gemeente Frjentsjerteradiel in grutte brân.
Ut ûndersyk hat bliken dien dat dit saneamde freugdefjoer brûkt is om fan in grutte bulte bedriuwsôffal ôf te kommen. Yn de dagen foar âld en nij is der in soad guod oanfierd, wêrûnder trekkerbannen en isolaasjemateriaal.