Anne freed wer yn 'The Voice'

© Omrop Fryslân
Anne Hoogendoorn út Goaiïngea stiet freed op'e nij yn de liveshow fan it RTL tillevyzjeprogramma The Voice of Holland. Der sitte op dit stuit noch tolve kandidaten yn it programma en der binne noch trije rondes te gean.
Ein jannewaris is de finale. Anne lit witte dat se op dit stuit alles yn it teken foar The Voice of Holland stiet: 'Dit is mijn kans en die grijp ik met beide handen en met hart en ziel aan', seit se.