Akkrumer blaast pinautomaat op

De plysje hat in 16-jierrige jonge út Akkrum oanhâlden foar it opblazen fan in pinautomaat yn syn wenplak. De jildautomaat waard op âldjiersdei mei fjoerwurk fernield. Op kamerabylden wie al gau te sjen wa't dat dien hie.
De jonge is tongersdei oppakt. Hy hat bekend en is yntusken foarlaat oan de rjochter-kommissaris. Yn ôfwachting fan syn saak mocht er wer nei hûs ta.