Marcel Schoo út Dakar-rally

06 jan 2011 - 21:10

Marcel Schoo is út de Dakar-rally 2011 stapt. De Wolvegeaster wie sjauffeur fan in Ginaf mei dêryn ek monteur Jaap de Wit en navigator Michel van Herpen.

Yn de nacht fan woansdei op tongersdei krige Schoo in tal kearen in black-out. De oarsaak fan dy útfal is net dúdlik. Nei kontakt mei it thúsfront en oerlis mei it team is it beslút naam. It advys fan de medyske tsjinst yn de rally wie ek dúdlik: net fierder ride.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)