Boargemaster lilk op webside

Boargemaster Van Klaveren fan Weststellingwerf is lilk op de webside Stellingwerf.nl. Op dy webside wiene koart foar âld en nije anonime oproppen pleatst ta aksje tsjin de gemeente en de boargemaster. Neffens de pleatsers fan de oprop soe de gemeente ferantwurdlik wêze foar it net trochgean fan in bepaald feest. De boargemaster fynt dat stellingwerf.nl dizze oprop ta aksje nea pleatse mochten hie. Dat sei er tongersdei yn syn nijjierstaspraak.