Oprop oan tsjûgen Sweagerbosk

06 jan 2011 - 15:15

It giet stadich oan wer wat better mei de frou dy't flak nei de krystdagen yn Sweagerbosk fan achteren oanfallen is. It giet om de 34-jierrige Grytsje van Dekken. Dat barde jûns let.

Fan de dieder ûntbrekt lykwols noch hieltyd elts spoar. De famylje wol graach dat de saak oplost wurdt. Se roppe dêrom tsjûgen op har te melden. Dat kin fia 0900-8844 of meld misdaad anoniem op 0800-7000.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)