Nije ynset foar Frysk toerisme

06 jan 2011 - 11:16

Fryslân giet tenei de boer op mei in 3,5 meter hege I-dome. Dat is in tinte yn de foarm fan in heale bol dêr't op spesjale wize filmkes en animaasjes op projekteard wurde kinne. De sjogger krijt dan it gefoel dat er midden yn de presintearre omjouwing sit.

Der binne ek trije ynteraktive peallen ûntwikkele dêr't besikers fan fakânsjebeurzen in foto fan harren sels meitsje kinne mei in Frysk lânskip of in plaatsje fan it Waad as achtergrûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)