Nachtfluchten boppe Fryslân

Nije wike wurdt op de fleanbasis wer úteinset mei nachtfluchten. Fan moandei 10 jannewaris ôf wurdt der fan de neimiddei oant jûns alve oere flein ynstee fan oerdei.
Der moat oefene wurde mei nije spesjale nachtsichtapparatuer. Dy wurdt brûkt op misjes lykas yn Afganistan. De nachtfluchten geane - mei ûnderbrekkingen - troch oant 17 maart.