Mediapeal yn isolearromte GGZ

05 jan 2011 - 23:03

Sûnt koart hinget der yn de separearromte, de isolearromte, fan in klinyk fan de GGZ Fryslân op It Hearrenfean in mediapeal. Op in yn de muorre ynboud skerm kinne pasjinten ynformaasje krije oer de behanneling en de begelieding.

Op it skerm kinne pasjinten fierder ek TV sjen en spultsjes dwaan. Op dizze wize moat it ferbliuw yn de separearromte wat nofliker wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)