Manmachtich foar Sintrale As

Hast 50 ûndernimmersklups, ynstellingen en doarpsbelangen binne ree om mei de gemeenten Tytsjerksteradiel, Dantumadiel en Dongeradiel te striden foar de komst fan in fjouwerbaansdyk fan Nyegea nei Dokkum, de saneamde Sintrale As. In moanne lyn waard de oanlis fan de nije dyk skorst troch de Ried fan Steat.
As de saak wer fierder behannele wurdt, mei de wethalder fan Dongeradiel tenei ek sprekke foar al dy bedriuwen en doarpsbelangen.