Partijen AGC komme der út

De kjeld liket út de loft by AGC yn Easterwâlde. De wurkjouwer fan it glêsfabryk hat in nij bod dien. It personiel is noch net tefreden en hat in tsjinbod dien. As dat akseptearre wurdt, wurdt net langer staakt.
De ôfrûne wiken is al fjouwer kear it wurk stillein om't it personiel net bliid wie mei it CAO-bod. It gie om in leansferheging fan trije persint en in ûnregelmjittichheidstaslach. It fakbûn FNV tinkt dat der gau in oplossing is foar it konflikt.