Fragen oer dioksine yn aaien

05 jan 2011 - 16:44

Frisian Egg yn Drachten hat woansdei in soad fragen hân oer dioksine yn aaien. Yn Dutslân binne 1000 pleatsen sletten, om't der mei dioksine besmet feefoer brûkt is.

Neffens de Voedsel en Waren Autoriteit binne de aaien yn ús lân besmet. Frisian Egg is de grutste leveransier fan aaien yn it noarden. Neffens de direkteur is der gjin inkele oanwizing dat der dioksine yn de aaien fan it Drachtster bedriuw sit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)