Noed oer koptyske tsjerke

05 jan 2011 - 13:59

De plysje hâldt de koptyske tsjerke yn Hilaard ekstra yn 'e gaten. Se sille bygelyks faker by de tsjerke surveillearje. Dat hat te krijen mei de driging fan Al Qaida en de oanslach op in tsjerke yn Egypte op nijjiersdei.

De mienskip yn Hilaard bestiet út 80 gemeenteleden. Se binne besoarge oer de driigjende sitewaasje en de tastân yn Egypte, dêr't de oarsprong fan de tsjerkemienskip leit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)