AFA wol aksjefiere tsjin PVV

05 jan 2011 - 12:33

Geert Wilders en syn partij de PVV binne net wolkom yn Fryslân. Dat fynt de AFA-Fryslân, de Anti Fascistische Aktie. De AFA fynt dat Wilders Fryske bestjoerders misledige hat.

De lieder fan de PVV sei dat gewoane minsken yn Fryslân har nocht ha fan de goedkeape en ûnsinnige praatsjes fan de politike en bestjoerlike elite. De AFA sil de kommende tiid aksje fiere tsjin de partij. De kandidaat-steateleden foar de PVV wurde net persoanlik oanfallen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)