Beslút rekket fraksje FL net

De fraksjeleden fan Feriene Lofts lûke har neat oan fan it opstappen fan it bestjoer fan har partij. It bestjoer stapte tiisdeitejûn op om't dy gjin inkeld fertrouwen mear ha yn de steate-en riedsfraksjes.
De fertrouwensbreuk ûntstie nei't de fraksjeleden bekend makken dat der spul wie binnen de partij. Dy ûnienichheid gie oer de fraach fan it bestjoer oan fraksjelieder Ad van de Kolk om op te stappen. Hy soe net goed kommunisearre ha.