Ynbrekker op 'e die betrape

05 jan 2011 - 10:33

In man (41) út Ljouwert is tiisdeitenacht trappearre. Hy wie oan it ynbrekken yn in bedriuw oan de Drie Dukatons yn Ljouwert. In tsjûge hie glês rinkeljen heard en belle de plysje. Dy sette de omjouwing fan it bedriuw ôf en gie mei in hûn it bedriuw yn. Dêr waard de fertochte fûn. Hy hie in sigrette-automaat iepenbrutsen en hie allegear oar stellen guod yn in tas.

De man is meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)