Tsjûgen mishanneling socht

05 jan 2011 - 10:29

De plysje siket tsjûgen fan in mishanneling yn Surhústerfean. Dy wie yn de âldjiersnacht by de feesttinte oan de Boomvalk. It slachtoffer wie in 17-jierrige jonge út dat plak.

Neffens it slachtoffer en in tsjûge kamen se út de feesttinte en rûnen fia in binnenpaadsje nei de Boomvalk. Dêr kamen se in groepke fan 4 of 5 jongeren tsjin. Doe waard er mishannele. Doe't de plysje kaam, wie de groep al fuort. It slachtoffer waard by de dokterswacht behannele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)