Evaluaasje Cartesiusynstitút

Provinsjale steaten prate woansdei oer it debakel mei it Cartesiusynstitút yn Ljouwert. By dat ynstitút diene wittenskippers ûndersyk nei duorsumens. Foar de ferskate projekten krige it Cartesiusynstitút subsydzjes fan de ferskate oerheden. Yn maart fan 2010 hâlde it ynstitút nei alve jier op te bestean.
Neffens Rendert Algra fan it CDA falt de provinsje net folle te ferwiten. It ynstitút hie net genôch finansjele buffers om tsjinslaggen op te fangen.