Rebound skoalle NW Fryslân

Wethâlder Florijn iepene de skoalle tiisdei
Der is tenei ien saneamde Rebound skoalle foar alle skoalbern fan Noardwest Fryslân. Dit is in skoalle dêr't learlingen dy't driigje út te fallen trije moannen yntinsyf begelaat wurde. Hjirnei krije se in twadde kâns op harren âlde skoalle.
Foarhinne hiene de iepenbiere en kristlike skoallen apart in Rebound-skoalle. Dit wie benammen om't der op bestjoerlik nivo tefolle argewaasje wie. In jier lyn kaam der lykwols feroaring yn de sitewaasje.