Natura-grins opskood

Rekreaasjeûndernimmers yn Appelskea krije mear romte foar ekonomyske ûntjouwings. Dit komt trochdat de Minister fan LNV de grins fan Natura 2000 gebieten nei it suden ferlein hat, fierder fan it doarp ôf. It Ministearje, de gemeente Eaststellingwerf en de natoerorganisaasjes hiene dit twa jier lyn al ôfpraat, mar sûnt 31 desimber 2010 is it wetlik fêstlein.
Foar it nije besikerssintrum oan de Broerestreek is dit in opstekker.