Rekôr besikers HCL

04 jan 2011 - 19:57

It Historisch Centrum Leeuwarden (HCL) hat yn 2010 in rekôr oantal besikers hân. Mei achttjintûzen besikers wiene dat der seishûndert mear as yn 2009. Dat komt troch aktiviteiten lykas tentoanstellings, lêzings en kuiers troch de stêd ûnder lieding fan in gids. Ek de websides wurde troch hieltyd mear studinten en ûndersikers besocht. Ferline jier wienen dat der mear as 150.000.

De gemeente wol nettsjinsteande de resultaten dochs besunigje op it HCL.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)