Marco Postma nei Dútslân

© Omrop Fryslân
Iishockeyer Marco Postma giet de kommende dagen op syk nei in Dútske klup. Postma is by de A6.NL Flyers ein ferline jier de wacht oansein omdat hy net yn it team paste neffens de technyske stêf.
De Ljouwerter iishockeyer sil no yn Dútslân by twa klups testwedstriden spylje. Hokker klups dat binne wol hy net sizze. It binne klups yn de tredde divysje.