Fryske url-ferlytser

Screenshot fan website lyt.sr
Lyt.sr is de namme fan in nije Fryske url-ferlytser. It is in tsjinst om in lange webpagina-link koarter te meitsjen. Dit wurdt faak brûkt yn social media lykas Twitter en Facebook.
De tsjinst is betocht troch NHL-studinten Anne-Jan de Jong en Frank Zijlstra. Se hawwe dit dien om in Frysk alternatyf te bieden foar de al besteande url-ferlytsers lykas bit.ly. Harren doel is om it gebrûk fan it Frysk yn social media te stypjen.