GPTV jout trije minsken dien

De "andere zender van Friesland", GPTV, sit yn grutte finansjele problemen. De bank wol net mear opdraaie foar it ferlies dat de stjoerder de earste trije jier hân hat.
Gefolch is dat trije minsken, de helte fan it folsleine personielsbestân, dien krigen hawwe. Allinne de famylje Gerstel sels bliuwt noch oan it wurk en sil sels it deistige healoere stjoertiid folje.