Himpkwekerij yn Menaam oprôle

04 jan 2011 - 12:05

Yn Menaam hat de plysje tiisdei drok dwaande west om in grutte himpkwekerij op te rôljen. De kwekerij siet yn in loads oan de râne fan it doarp. Dêr stiene mar leafst 1700 planten mei in strjitwearde fan goed 50 tûzen euro.

De plysje is de kwekerij op it spoar kaam nei in anonime tip. Neffens harren sjocht it dernei út dat der in profesjonele organisaasje achter sit. Der is op it stuit noch net ien oanhâlden foar de kwekerij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)