Wurkûnderbrekking by DE

By it fabryk fan Douwe Egberts op De Jouwer hat tiisdei in spontane wurkûnderbrekking west. De moarnsploech fan in lytse 200 meiwurkers lei it wurk in healoere del en gie nei bûten. Se wolle solidariteit betsjûgje mei fiif meiwurkers fan it teefabryk foar wa't ûntslach driget. Se binne benaud dat geandewei hieltyd mear banen fuortreorganisearre wurde.
De UR hat him tsjin it foarnommen ûntslach útsprutsen.