Roorda wol petear mei Jans

04 jan 2011 - 11:26

Geert Arend Roorda twivelet oer syn takomst by SC Hearrenfean. De Fryske middenfjilder hie de ôfrûne jierren te krijen mei in soad blessueres en kaam dêrtroch amper oan spyljen ta. Dit seizoen is Roorda folslein fit, mar komt hy net yn 'e plannen fan trainer Ron Jans foar.

"Ik ha tiisdei of woansdei in petear mei de trainer oft der foar my genôch perspektyf is om by Hearrenfean te bliuwen", sa seit Roorda. "Yn prinsipe bliuw ik it leafst by Hearrenfean."

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)