Koptyske tsjerke net beskerme

De koptyske tsjerke fan Hilaard krijt gjin ekstra beskerming nei it bekend wurden dat tsjerkegebouwen fan dy geloofsstreaming doelwyt fan al-Qaeda binne. De koptyske tsjerken fan Eindhoven, Amsterdam en Utrecht krije al beskerming.
Op nijiersdei kamen 21 minsken om by in oanslach op in koptyske tsjerke yn Alexandrië yn Egypte. Op ynternet wurdt troch oanhingers fan al-Qaeda oproppen oanslaggen te dwaan mei it koptysk krystfeest op 7 jannewaris.