Biltker riedslid Ykema stoarn

CDA-riedslid Ico Ykema fan Sint Anne is moandei ûnferwachts ferstoarn. Ykema siet sûnt 2006 yn de ried fan It Bilt. De gemeente lit witte skokt te wêzen troch syn dea. De nijjiersresepsje tiisdeitejûn en alle oare iepenbiere gearkomsten dizze wike geane net troch fanwege it ferstjerren fan Ykema.
Sa wurdt woansdei de Raderaad - de Biltker riedskommisjegearkomste - skrast en ek in harksit oer de takomstfisy fan it basisûnderwiis.