Protest tsjin sâltwinning

04 jan 2011 - 10:02

Utwreiding fan it sâltwinningsgebiet yn Noardwest Fryslân jout allinne mar skea oan de omjouwing. Dat skriuwt Doarpsbelang Skingen-Slappeterp yn in protestbrief oan de fêste keamerkommisje foar Ekonomyske Saken, Lânbou en Ynnovaasje.

De oerheid hat in Miljeu Effekt Rapportaazje makke oer it winnen fan sâlt yn de omjouwing fan Skingen-Slappeterp, mar neffens doarpsbelang is der gjin oandacht bestege oan de beswieren út de regio.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)