Drokte by autoskeabedriuwen

In soad skea troch it winterwaar
De autoskeabedriuwen yn Fryslân hawwe it de lêste wiken smoardrok. Troch de glêde diken is it twa kear sa drok as oars. Fersekerders Interpolis en Achmea ferwachtsje dit jier 40 prosint mear skeagefallen te krijen.
By autoskeabedriuw Stokvis yn Ljouwert moatte se sels ekstra minsken ynhiere. It giet foaral om lytse botsingen dy't hege kosten meibringe omdat der faak djoere ûnderdielen stikken geane.